Saterdei 29 augustus is it safier. Dan fiere wy it tredde lustrum fan ús strjit- en muzykfestival Easterbarren.

Dizze kear begjinne we in healoerke earder (14.30 oere) en hâlde we in healoerke letter op (23.00 oere). Dat betsjut in oere langer Easterbarren en dat hat syn redenen. We ha nammentlik wer in hiel skala oan artysten en keunstners ree fûn nei Eastermar te kommen.

De iepening sil dizze kear fersoarge wurde troch in oantal artysten dy’t troch de jierren hinne fêste klanten fan it Easterbarren wienen: GeDoBr hat foar de gelegenheid in spesjaal liet skreaun dat se by de iepening foar it earst hearre litte sille. Se wurde dêryn bystien troch oare bekende nammen as Adri de Boer, Lechery, Saxy Ladies, Adonis én ús eigen doarpstrûbadoer Simon Dijkstra.

Nei de iepening set it dan útein op in tolvetal poadia, ferspraat oer ús smûke doarpskearn! Sa is der wer in poadium ynrjochte spesjaal foar jong muzikaal talint út eigen dorp, mei Timme Koudstaal as motivator.

Der binne fertroude nammen: jeugdsirkus Saranti, Inez Timmer, Adonis út Drachten lit middeis nei de iepening har akrobatyske keunsten sjen op it Harstepaed en jûns by de ôfsluting op it fernijde Breed !

In protte nije artysten dizze kear dy't noch net earder op it Easterbarren stienen. Sa giet û.o. it trio 'Wiltsje fan Peazens' mei op it Eastermarder Skûtsje; Jack Bottleneck is der mei syn countryblues en The Old Pipers witte grif sfear te bringen mei harren Ierske folksmuzyk.

lt belooft wer in prachtige dei te wurden, de lêste saterdei fan augustus. Parkeare en tagong is fergees!

Easterbarren 2015

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe