Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,

Yn ‘e wike fan 15 o/m 19 maaie organisearje we wer de tradisjonele 4-jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te sykjen. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar bern om’t der in protte oer de sânreden rûn wurdt dêr‘t de bern mar fleane en stowe kinne.

Der binne rûtes fan 5, 10 en 15 kilometer. It startplak is de kantine op sportpark Burgerkamp.

Der binne minsken, dy’t yn de wike fan de 4-jûnekuier bryfkes mei de rûtes út de kantine helje sûnder te freegjen en dy rinne de rûte dan dus sûnder stimpelkaart. Dit binne swartrinners! Wat dizze minsken har net realisearje is dat wy as stichting net in soad jild ha en noait winst meitsje! Dêr stiet foaroer dat wy altiten alle jierren wol hiel wat ûnkosten ha oan medaljes en materialen.

Alle jierren wer binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har belangeleas ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy hiel graach wat dwaan wolle, mar dan moat der wol wat jild wêze. De swartrinners ha dus wol de wille mar drage fierder neat by...!

Wat wy sizze wolle: jou jim op en doch mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike fan 15 o/m 19 maaie!

P.S. Yn 2018 bestiet de Eastermarder fjouwerjûnekuier 40 jier! 

avd

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe