Foarop dit: ús moaie webside Eastermar.nl soe net bestean kinne sûnder de ynset fan de redaksjeleden. It mei ek wolris sein wurde: tige tank foar de stikjes, foto’s en it pleatsen fan stikken dy’t troch oaren skreaun binne. Wy witte dat der alle dagen wer in soad besikers binne dy’t alles witte wolle oer Eastermar. Net allinnich út Eastermar, mar ek Friezen om utens .Ut binnen - en bûtenlận.

Ek sûnder de stipe fan bygelyks de ferienigingen en stiftingen, dy’t de side brûke en op dy wize meibetelje oan de webside, soe it net kinne.

Mar hiel wichtich is de stipe fan de ûndernimmers, fia de OVE. Mei harren sponsoring is it mooglik Eastermar.nl yn de loft en technysk aktueel te hậlden. De OVE docht dat al jierren en wy binne tige bliid dat ek de kommende trije jier de OVE wer trochgean wol. Dêr stiet dan foaroer dat leden fan de OVE reklame meitsje kinne op de Eastermarder side.

Logo OVE scherm

OVE en dêrmei de ûndernimmers fan Eastermar: tige tank.

Oebele Brouwer
foarsitter begeliedingskommisje Eastermar.nl

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe