Dizze gearfetting kaam fan Sippie Wijnsma yn in filmke fan it LC.  Mear fan dit soart prachtige útspraken binne te hearen op filmkes dy't troch de ferskate media juster makke binne.
En hoe moai, krekt ferhuze nei Eastermar, foar it earst meidwaan oan de Postcodeloterij en dan fuortendaliks yn 'e prizen. Dit oerkomt Syb en Sylvia fan de Beimastrjitte 26, dy't drok oant ferbouwen binne.

Der waait in stoarm fan opwining oer Eastermar wêrfan it hichtepunt freed te ferwachtsjen is. Mei de opbou fan de ynstallaasjes dy't nedich binne foar de útstjoerings en de muzyk op it Breed is hjoed al úteinset. Ek by de gemeente Tytsjerksteradiel is men drok om alles mei de ferskate ynstânsjes, lyk as brânwacht en plysje, goed te regeljen. Want it wurdt hjir slim drok takom freed.

Yn de útstjoerings fan Koffietijd en 5 uur Live dizze wike kin it samar wêze dat der noch mear Eastermarders yn byld komme. Wis is it noch net mar op tongersdeitemiddei is in bydrage oer it Eastermarder skûtsje te ferwachtsjen.

€astermar wurdt dizzer dagen goed op 'e kaart setten. Mei spektakel, mei humor, mei helahola mar ek as foarbyld fan wat der mei in doarp barre kin troch út útdielen fan sokke grutte jildprizen (column fan Peter de Waard yn de Volkskrant).

Filmke Telegraaf

 

It breed wurdt opboud

vk eastermar

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe