Op strjitte oars gjin praat. De iene hat poerbêst slept, de oare hat der fan wekker lein. Wat in bizar barren yn Eastermar!
Sûnt de grutte postcodetruck troch Rottevalle ried (ah nee, hy rydt troch!) en Eastermar de einbestimming bliek te wêzen, stiet it doarp op 'e kop.

Kameraploegen en ferslachjouwers swalkje hjoed troch it doarp, op 'e syk nei ferhalen. En eltsenien hát wol in ferhaal. Wol in lot, gjin lot. Bliid en sneu wêze, it leit allegear ticht byinoar.
Moai hoe boargemaster én noch altyd Eastermarder Tineke Schokker reagearret yn de LC en oanhellet hoe fertriet en gelok ticht byinnoar lizze troch alle foarfallen yn it doarp de lêste pear dagen.
Mar humor is der ek: Eastermar, it wachtsjen wurdich, de Stones binne boekt as iepeningsakt foar it Easterbarren, ensfh, ensfh.

In protte minsken fine it moai dat de grutte priis net midden yn it doarp fallen is. Der sil gjin grutte twadieling plakfine. It doarp bliuwt sa't it west hat, Eastermar bliuwt Eastermar!
En fansels lokwinske foar de winners op de Industriewei!

Yntusken is Mister Postcodeloterij Gaston arrivearre. Hy sprekt minsken op strjitte en yn de winkels oan. De ynterviews binne foar de útstjoerings op RTL4 (Koffietijd en 5 uur Live), foar publikaasje op de 'socials' en de radioútstjoering: https://www.postcodeloterij.nl/muziekcadeau. (Kieze foar Kanjerradio)
De radioútstjoerings wurde makke fanút Herbergh de Parel.

Freed om 16.00 oere sil it feest úteinsette. Om de spanning op te bouwen wurdt de útslach, dus hoefolle jild elts lot opsmite sil, yn stapkes bekendmakke.
Artysten lyk as André Hazes soargje der foar dat de Eastermarders út de skroeven gean sille.
Of binne wy dat eins al?

IMG 6341

IMG 6344

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe