Der is in nij boek oer de skiednis fan Eastermar!

DE DUVELIN FAN DE HELLING
Bynammen yn Eastermar

Hast alle doarpen yn Fryslân ha in bynamme. Ek ôfsûnderlike ynwenners fan in doarp steane faak bekend mei in bynamme. Yn it boek 'De Duvelin fan de Helling. Bynammen yn Eastermar' beskriuwe Elle Bosma, Ids Groenewoud en Sijbren Zandstra hoe't it troch de jierren hinne mei de bynammen yn Eastermar sit.

Wêr komt bygelyks de namme 'Broekophâlders' foar Eastermarders wei? Der binne meardere ferklearrings. Ek is besocht te achterheljen wa't bedoeld wurde mei de goed 250 Eastermarders dy't yn 'e rin fan 'e tiid in bynamme krigen.

En wa binne de minsken, neamd yn bepaalde doarpsrymkes?
Dy rymstikjes jouwe ek hiel wat typearrings fan Eastermarders.

It is in bûnte samling wurden, dy't men mei nocht lêze sil. In soad foto's binne tafoege. Wa soe him net fernuverje oer in bynamme as De Duvelin fan de Helling, Fokke Heare-God, Gandhi, Halbe Koejaar, Harm Byfoarbyld, Hylke Pakje, Jan Bibeltsje, Jan Flatsje, Jantsje Kaktus, Jehannes Teapert, Jelle Pypke, De Klokjefroulju, De Firma List en Bedrog, Petrus en Malchus, Oebele Skeetskiter, Pistolen Paultje, Pijpje Drop, Piter it Kalf, Stikkene Piter, Pa Roetmop, Rommert Jusjes, Ruerd Poerbêst, Sibe Eachje Ticht, Sikke Moai-hier, It Tsjettelboerke, Willem Platnoas, It Dútske Wyfke. En dat is noch mar in kar út sa'n 250 bynammen...

It is in hiel nijsgjirrich boek wurden, mei in soad foto's, ynbûn, printe op glânspapier.
Formaat A4 (21 x 29 cm), 108 bledsiden. Priis € 15.-

BESTELMOOGLIKHEID
It boek kin telefoanysk besteld wurde by Ids Groenewoud, E.M. Beimastrjitte 25, Eastermar (0512-471 675) of troch him in mailtsje te stjoeren op it adres: .
Yn beide gefallen kin ôfpraat wurde wannear't jo it boek by him ôfhelje kinne. Nim graach past jild mei!

IMG 2688

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe