Takom wike sil it in spannende tiid wurde foar de Eastermarder oaljekoekebakkers want dan sil, lyk as alle jierren, EA.nl de útslach fan de Eastermarder oaljekoektest publisearje.Oaljekoekeleafhawwers út Eastermar en omkriten sjogge al dagen út nei dizze test en binne tige benijd wa’t dizze kear it predikaat Dikke, Fette Eastermarder Tút winne sil.

Ek dit jier binne der wer trije partijen dy’t meidogge: de oaljekoeken fan 'Alles ûnder ien Dak', de PKN-tsjerke en muzykferiening Joost Wiersma sille test wurde op rook, smaak, knapperichheid, tal krinten, plakfingers en efterbliuwende fetplakken. Al jierren wurde de oaljekoeken folslein anonym opkocht yn de wike foar âldjier troch Wijbe P, dy’t dizze taak hiel serieus nimt.

De test sels sil barre yn de publike rûmte fan de Hege Stins, want neffens de sjuery hawwe se neat te ferbergjen.Tafersjoch sil hâlden wurde troch âld-plysjeman Nico H.
Foarsitter en iennich en ûnôfhinklik sjuerylid Sjouke W. seit dat alles hiel earlik en iepen barre sil. "Alle oaljekoeken krije in koade en ik krij troch Nico in blyndoek om ‘e holle bûn." Dat Sjouke W. in relaasje hat mei de winkel fan 'Alles ûnder ien Dak' docht yn dit fermidden net ta de saak, leit de sjuery foar alle dúdlikens út. It is ommes in bline test.

EA.nl, dy’t al jierren ûnderfining hat mei de publikaasje fan dizze test, meldt dat de sjuery sels net de útslach fan de test opskriuwe sil omdat de hear Sjouke W. no ien kear de tik hat om alles op rym te setten. "En dêr sitte ús lêzers net op te wachtsjen. Us eigen resinsint Wim S. sil de útslach ynterpretearje en der in moaie omskriuwing fan meitsje." "En wy binne gjin kriminelen", aldus haadredakteur Annet D. fan EA.nl, "alles sil ferrinne sa’t it heart".

EA.nl hat leard fan de flaters dy’t konkurrint AD.nl yn it ferline makke hat en sil allinne de nammen fan de earste trije winners publisearje.
Húsdokter Pyt W. is, lykas alle jierren alert en smyt fuortendaliks syn aptekerij iepen wannear't der in oaljekoek net goed driicht te fallen. By klachten is ek apteekassistinte Nynke de J. ree advys te jaan hokker medisinen tsjin maachkrampen yn te nimmen.

Neiskrift:
Feriening Joost Wiersma hat him weromlutsen út de striid omdat it bestjoer de útslach fan ‘e test net folslein fertrout. Doe’t opkeaper Wijbe P. anonym de oaljekoeken ophelle, is ien fan de meiwurkers fan de feriening de opkeaper efternei kaam en hat de oaljekoeken, ûnder grut protest fan Wijbe P, weromnommen. Beide partijen rekken hast slaande deilis, mar âld-plysjeman Nico H. dy’t stomtafallich by Wijbe P. yn ‘e auto siet, hat soarge dat de saak net út ‘e hân rûn en der oaljekoeken troch de loft fleane soene. Neffens Nico H. wie der hast sprake fan oaljekoekegate mar hy tinkt dat mei it weifallen fan Joost Wiersma de test dochs wol trochgean kin. "Miskien dat wy de sutelers fan de CGK-tsjerke fan de Ham útnûgje it lege plak yn te nimmen", aldus Nico H, sels net in grut ynnimmer fan oaljekoeken.

Sietse Vliegen

oaljekoekentest

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe