Mear as in jier lyn joech de grutte kastanjebeam op de kop fan it Wâltsje belies by in bêste stoarm. Mei it omfallen fan de beam rekke de pleintafel, dy't om de beam hinne stiet, skansearre.
It hat in skoft duorre ear't de tafel oanpakt wurde koe. Want wa sil foar de kosten opdraaie? Doarpsbelang hat him och sa ynspand om it by de gemeente op 'e aginda te krijen. Mar einlings is der dan aksje op it Breed. Allard Tadema, Jan Wind, PierJan Boersma, Chris Kooistra en Eric Lahuis hawwe in hiele sneon dwaande west om de tafel wer syn oarspronklike foarm te jaan. Mar de tafel sil nea wer de âlde wurde, hy hat in beste knoei hân, moatte de manlju konstatearje. Mar hy is no wer brûkber. En dat barde fuortendaliks want Atsie Boersma soarge de hiele dei foar kofje, fris en in noflike neisit.

No't de mannen hast klear binne sil de gemeente soargje foar in nije beam. Want sûnder beam is de tafel net kompleet. It wurdt gjin kastanje- mar in linebeam. Mar dêrnei kin Eastermar syn gasten en ynwenners wer in noflik sitplak biede op ien fan 'e moaiste plakjes fan ús doarp.

pleintafel renovatie

 

pleintafel renovatie

 

Yllustraasjes: Rienk Vlieger

Foto's werkzaamheden Atsie Boersma:

pleintafel 1

pleintafel 2

pleintafel 3

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe