Fanwege de ynset fan in grutte groep frijwilligers koe de 'De Hege Stins' op it Heechsân yn 2014 op 'e nij yn gebrûk naam wurde. De groep hat foar har ynset de 'Broekophâlder' krigen. De 'Broekophâlder' is in ûnderskieding en in ludike wikseltrofee foar doarpsgenoaten dy 't fertsjinstlik wienen foar de mienskip.

Wa fertsjinnet de trofee dizze kear?

Op 'e kâlde moandeitejûn fan 2 maart 2015 sit it bestjoer fan Stichting 100 jaar Dam Jaarsma yn 'e smûke keuken fan it Dam Jaarsmahûs. De leden sitte, sa as altyd mei wille mar soms ek ferheftich, te fergaderjen. Dan komt der ûnferwachts fisite! Ferrassing! In delegaasje fan 'e Hege Stinsfrijwilligers oerfalt it bestjoer en se hawwe in presintsje meinaam. Der folgje moaie wurden fan Wopke Wobbes en Tsjip de Vries foar it bestjoer èn foar alle oare frijwilligers dy't it Dam Jaarsmajier ta sa'n grut sukses brocht ha. Al dy aktiviteiten en publisiteit. It wie geweldich, sa meitsje de mannen dúdlik. 'Jim hawwe dizze trofee mei-inoar dik fertsjinne!' Ek Doarpsbelangfoarsitter Jan Wind, dy't mei de delegaasje meikaam, sprekt syn wurdearring út. Hy wol graach dat ien en oar in ferfolch kriget.

Foarsitter Iris Rusz jout yn har tankwurdsje de doelen oan fan 'e Stichting: Libben en wurk fan Dam Jaarsma breder ûnder de oandacht bringe en it dêrmei de wurdearring jaan dy 't it fertsjinnet. Ek wie it de bedoeling om it doarp hjirmei (noch) mear op 'e kaart te setten, om mear besikers en toeristen te lûken. Mei tank oan al dy frijwilligers (mear as hûndert!) is dit allegear goed slagge.

Op 'e foto's is te sjen hoe wiis't Harmke, Iris, Martsje, Sharon en Willem mei de priis binne.
De foto's binne fan Harmke Paulides. Sy sit wylst net mear yn it bestjoer mar wie wol ien fan de inisjatyfnimmers.

Utrikking Broekophâlder

Utrikking Broekophâlder

Utrikking Broekophâlder

Utrikking Broekophâlder

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe