Op 25 en 26 maaie wurdt yn Eastermar de 'Samenloop voor Hoop' hâlden. Dêrmei wurdt jild ynsammele en oandacht frege foar kanker. Der wurdt in kuiertocht organisearre mei in soad aktiviteiten deromhinne. En dat allegear om it KWF en ûndersyk nei kanker te stypjen. Meardere tiims hawwe har ynskeaun en betinke yn 't foar allerhanne aksjes om jild byelkoar te krijen foar it KWF.

Ien fan dy tiims is 'Sinnich Rinne'. Op woansdei 25 april hâldt Doeke Keizer (doarpsgenoat en húsarts yn de Harkema e.o.) foar dat tiim in lêzing yn Bûtenpost, de opbringst giet nei de Samenloop voor Hoop Eastermar / KWF.

Underwerp fan dy lêzing is 'Groanyske pine' (Chronische pijn). Wolle jim dêr mear fan witte en wolle jim it tiim stypje? Klik dan op it logo hjirûnder: 

samenloop

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe