Dat Eastermar muzikaal is, dat docht alle jierren wol bliken op it doarpsfeest of it Easterbarren. Mar der is mear talint yn Eastermar. Der binne ek in protte kreative skilders en tekenaars yn ús doarp. Yn de Hege Stins is de hiele simmer in moaie eksposysje fan harren wurk. Alle soarten fan techniken binne te besjen: fan houtskoaltekeningen oant oaljeferveskilderijen. Likernôch 15 keunstners hawwe wurk ynlevere.

De útstalling is ynrjochte troch Gepke Hamstra en Gerbina Prins. Wopke Wobbes en Auke Postma hawwe der technysk foar soarge dat al it wurk der kreas byhinget.
Alle sneontemiddeis iepen tidens Tsjerkepaad en op snein by't kofjedrinken nei de tsjerketsjinst, oant begjin septimber.

IMG 5612

IMG 5613

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe