Sa’n fyftjin jongbazen melden har saterdeitemiddei om 14.00 oere by de fuotbalkoai oan ’t Harstepaad foar it Koaitoernoai. Troch de organisaasje, de leden fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai, waarden se mei iepen earms ûntfongen. De flier wie in pear wike earder troch de gemeente goed skjinspuite en der wienen genôch ballen oanwêzich, dus koe it mar oangean.

Der waard yn twa leeftiidsgroepen spile: fan 6 o/m 12 jier en fan 13 o/m 15 jier. De ûnderdielen wêrby ’t de fuotbalfeardigens toand wurde moast, wienen it heechhâlden, it latsjetraapjen, de panenka en it toanen fan ‘myn moaiste trúk’. Dat lêste wie dit jier in nije aktiviteit.

Der waard mei ynmoed spile en presteard. It nije ûnderdiel sprong derút troch de eksoatyske nammen dy’t oan ‘e trúks jûn waarden: ‘Round the world’, ‘De flits’, ‘De joepy-poepy’, ‘De hakky-takky’, ensfh. De sjueryleden hienen it wakker dreech mei de beoardieling.

Yn dy trúkje-kategoary wienen de priiswinners Klaas Albert Dijkstra mei ‘The rainbow’ en Jacob Zeilstra twadde mei syn ‘Nekslag’. By it heechhâlden ûnder 12 jier wie Lucas Keizer (82 x) de bêste en twadde waard Jacob Zeilstra (60 x). By de âldere jonges wie nû.1 Menno Dijkstra (321 x !!!) en nû. 2 waard Jurre Jan Venema (64 x). By latsjetraap wie de kampioen by de jongsten Peke Ritsma en as twadde einige Sjoerd Tjepkema, wylst by de âldste groep yn de deselde folchoarder Jacob Jan Osinga en Menno Dijkstra einigen. It ûnderdiel panenka krige as topper by de jongsten Peke Ritsma en twad Lucas Keizer; by de âldsten skoarde Bram van der Bij it bêste en dêrachter kaam Piet Hogendorp.

It tige slagge toernoai– mei troch it beskikber stellen fan ‘e prizen troch de V.V. Eastermar – waard ôfsletten mei in lytse kompetysje fan fjouwer tiims gearstald út alle dielnimmers.

 

20170715 143703

20170715 141355

20170715 141446

20170715 141534

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe