Net mei de belle fan doarpsomropper Syb van der Meulen mar mei in enoarme klap tonger wie it begjin fan it Eastermarder Doarpsfeest, edysje 2017, in feit.

De reinbui dy't tongersdei om fiif oere Eastermar ôfkuolle, krige in waarm wolkom. De feesttinte wie dêrtroch tongersdeitejûn kwa temperatuer hiel wat draachliker. En dat wie ek mar goed want it doarpsfeest sette útein mei in topjûn. Fol spanning wachten de Eastermarders ôf hoe't it kabaret útpakke soe. It wie in grut sukses, in hichtepunt nei in tarieding dêr't yn jannewaris al mei úteinset wie.

It waar wurke net altyd mei tidens it doarpsfeest, benammen op sneontemoarn by de diske- en feemerk. Mar dochs wie it oeral yn it doarp gesellich, fral yn de feesttinte.

Hiel even like it der op dat Michel van Holsteijn in hattrick meitsje soe en trije kear achterinoar it sigaarsmoken winne soe. Hy en Robert Tienstra kamen beide op deselde lingte út:  2,8 sm. Miskien wol foar it earst yn de tradysje fan it sigaarsmoken moast in twadde ronde útmeitsje wa't mei dé beker nei hûs koe. Dizze ronde waard net spile mei in sigaar mar in sigaret. En doe blykte Robert justjes better en wie de earste priis foar him. Simon Dijkstra waard tredde.

Feest-, spultsje-, diskemerk-, sigaarsmook- en feemerkkommisje, ehbo, bartappers, muntsjeferkeapers, akteurs, artysten, muzikanten, befeiliging, hoareka, frijwilligers en buertferienings: tank wer foar in machtich feest!

Hjriûnder de foto's dy't troch de webredaksje fan eastermar.nl op it doarpsfeest makke binne:

(Om de akteurs net út harren konsintraasje wei te heljen binne der tidens it kabaret gjin foto's makke.)

roofvogelshow
Foto Saskia van den Berg

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe